Postma en syn Sileenske hinnen Sjoerd Postma (62) hâldt fan alles wat groeit en bloeit. It hiem fan syn rychjeshûs yn Stiens neamt hy syn paradyske. Hinnen binne syn grutte leafde, en dan spesjaal it Sileenske ras: de arauka's. Allinnich fynt de Hea!-ferslachjouwer it wat dreech om dy namme te ûnthâlden... Sykje nei nije wurden Oene Akkerman is 95 jier en wennet yn it fersoargingshûs yn Drachten. Hy hie ea 30.000 boeken, mar dy koe hy troch de ferhuzing net meinimme. Doe't syn frou ferstoar, wie hy tige ûnwennich fan syn boeken fansels. Yntusken hat er der wer in pear tûzen. Net om te lêzen, mar om nije wurden te sykjen...
0 comments: